Pongmiezen
Appearance
| Pongmiezen | ||
| Europeeske pongmies | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | pongmiezen (Remizidae) | |
| Olphe-Galliard, 1891 | ||
De pongmiezen (Remizidae) binne in famylje fan fûgels út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It binne lytse fûgels mei in fyn, spits snaffeltsje. De lichemslingte fariëarret fan 8 oant 14 sm.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harren iten bestiet út ynsekten, sied en fruchten. It binne echte akrobaten, dy’t sels oan de ûnderkant fan tûken omklauterje.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst is in bysûnder, fan gers en woartels flechte, pongfoarmich bouwwurkje mei in tunneleftige yngong, dat oan 'e ein fan in tûke fêstmakke is. It lechsel bestiet út 5 oant 10 wite aaikes, dy’t yn 12 dagen útbret wurde. Nei 16 oant 18 dagen fleane de jongen út.
Fersprieding en libbensgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pongmiezen komme foar yn Noard-Amearika, Jeropa, Aazje en Afrika.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De famylje telt alve soarten ferdield oer trije skaaien:
- Skaai Anthoscopus (Cabanis, 1850): 6 soarten, de kapokmiezen.
- Skaai Auriparus (Baird, 1864): 1 soarte, de gielkopmies (Auriparus flaviceps).
- Skaai Remiz (Jarocki, 1819): 4 soarten, de echte pongmiezen.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Remizidae fan Wikimedia Commons. |