Boergonje-Franche-Comté
| Boergonje-Franche-Comté Bourgogne-Franche-Comté | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| haadplak | Dijon | |
| departeminten | Côte-d'Or (21), Haute-Saône (70) Jura (39) Haute-Marne (52) Nièvre (58) Saône-et-Loire (71) Territoire-de-Belfort (90) Yonne (89) | |
| arrondisseminten | 24 | |
| kantons | 152 | |
| gemeenten | 3.697 | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 2.802.670 (2023) | |
| oerflak | 47.784 km² | |
| befolkingsticht. | 59 ynw./km² | |
| Oar | ||
| stifting | 2016 | |
| ISO-koade | FR-BFC | |
| webside | bourgognefranche comte.fr | |
Boergonje-Franche-Comté (Frânsk: Bourgogne-Franche-Comté, Arpitaansk: Borgogne-Franche-Comtât) is in regio yn it easten fan Frankryk dy't yn jannewaris 2016 ûntstie nei in weryndieling fan 'e Frânske regio's. De regio ûntstie nei in fúzje fan 'e eardere regio's Boergonje en Franche-Comté. Yn desimber 2015 wiene de earste ferkiezings fan 'e 100 leden fan 'e Regionale Ried (Conseil Régional).
De regio beslacht in gebiet fan 47.783 km² en omfiemet acht departeminten mei in befolking fan likernôch 2,8 miljoen ynwenners. De haadstêd (prefektuer) en grutste stêd is Dijon, dochs de sit fan 'e Regionale Ried is yn Besançon. Dêrby is Boergonje-Franche-Comté, njonken Normandje, de regio dêr't de prefekt net yn 'e selde stêd as de Regionale Ried is.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de wet oangeande weryndielings besteane de nammen fan fúsearjende regio's út ynterim-nammen. Dy ynterim-nammen binne in kombinaasje fan 'e fusearjende regio's skaat troch in keppelstreekje. Fêste nammen wurde troch de nije regionale rieden útsteld en dêrnei troch de Conseil d'État foar 1 oktober 2016. De regio besleat de ynterium-namme as de fêste namme oan te hâlden en waard op 28 septimber 2016 offisjeel fêststeld.
De fúzje betsjutte it wer ien wurden fan 'e histoaryske regio's fan it hartochdom Boergonje en it frijgreefskip Boergonje (Franche Comté de Bourgogne) dy't ûntstiene nei it Ferdrach fan Verdun yn 843.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet fan wat hjoed-de-dei Boergonje en Franche-Comté wie earder feriene ûnder it keninkryk Boergonje dy't fan 'e fyfde oant de achtste iuw bestie. Nei it Ferdrach fan Verdun yn 843 waard it ferparte yn twa dielen: it hartochdom Boergonje ûnder it keninkryk Frankryk en it greefskip Boergonje ûnder it Hillige Roomske Ryk. It greefskip waard yn 'e santjinde iuw as in frije provinsje yntegrearre yn it keninkryk Frankryk, mar skaat fan it hartochdom dat in fazalprovinsje fan Frankryk bleau. Dy twa provinsjes waarden nei de Frânske Revolúsje opheft.
- It Keninkryk Boergonje yn de 5e iuw.
- Hartochdom en Frijgreefskip Boergonje yn de 14e iuw.
Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet fan Boergonje-Franche-Comté beslacht de eardere provinsjes Boergonje en Franche-Comté, allyk grutte parten fan 'e eardere provinsjes Nivernais (hjoed-de-dei Nièvre), Sjampanje (hjoed-de-dei noardlik Yonne, Orléanais (hjoed-de-dei súdwestlik Yonne), de Territoire de Belfort (it part fan 'e Elzas dy't nei 1871 part fan Frankryk bleau en in lyts part fan it Île-de-France (hjoed-de-dei noardwestlik Yonne).
Fan 1941 oant 1944 waarden Boergonje en Franche-Comtê ûnder it Vichy-bewâld wer ferienige. Nei it foarmjen fan 'e regio's fan Frankryk yn 1964 waarden Boergonje en Franche-Comté fannijs skate ienheden.
Op 14 april 2014 sprutsen de foarsitters fan de Regionale Rieden fan Boergonje en Franche-Comté de winsk út foar in fúzje fan 'e twa regio's nei't de Frânske premier Manuel Valls buorkundich makke hie dat der in weryndieling fan 'e Frânske regio's komme soe. Op 2 juny dat jiers liet de Frânske presidint François Hollande in kaart sjen dêr't de twa regio's as ien oanjûn stiene. Dy twa regio's wiene de iennigen dy't frijwillich in fúzje besprutsen hiene en wie dus de iennige dy't net troch de Nasjonale Gearkomste of de Senaat op 'e nij besjoen hoegde te wurden.
De fúzje waard op 17 desimber 2014 offisjeel oannommen en gie mei yngong fan 1 jannewaris 2016 yn.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De regio grinzget oan it Grutte Easten yn it noarden, Île-de-France yn it noardwesten, Sintrum-Loiredelling yn it westen, Auvernje-Rône-Alpen yn it suden en Switserlân yn it easten.
Departeminten fan de regio
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Regio's oant 2015 | Wapen | Departemintsnû.: | Departeminten | Ferdieling sitten |
|---|---|---|---|---|
| Boergonje Bourgogne |
21 | Côte-d'Or | 18 | |
| 58 | Nièvre | 8 | ||
| 71 | Saône-et-Loire | 10 | ||
| 89 | Yonne | 11 | ||
| Franche-Comté | 25 | Doubs | 20 | |
| 39 | Jura | 9 | ||
| 70 | Haute-Saône | 10 | ||
| 90 | Territoire de Belfort | 4 | ||
| Tal sitten yn 'e Regionale Ried: | 100 | |||
Histoaryske provinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]|
██ Boergonje ██ Sjampanje ██ Elzas ██ Montbéliard ██ Nivernais ██ Orléanais ██ Oaren |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bourgogne-Franche-Comté fan Wikimedia Commons. |
