Grutte Boeda fan Leshan
| Grutte Boeda fan Leshan | ||
| Algemiene ynformaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | Sichuan | |
| plak | Leshan | |
| ûnderdiel fan | Skildereftich Gebiet fan 'e Berch Emei | |
| kritearia | kultureel en natuerlik: (iv)(vi)(x) | |
| ynskriuwing | 1996 (20ste sesje) | |
| Lokaasje en omfang | ||
| koördinaten | 29°32′41″ N 103°46′21″ E | |
| Kaart | ||
Lokaasje fan 'e Grutte Boeda fan Leshan yn Sina.
| ||
| UNESCO-wrâlderfgoedlist | ||
De Grutte Boeda fan Leshan (Sineesk: 樂山大佛; pinyin-transliteraasje: Lèshān Dàfó) is in reuseftich byld fan 'e Boeda dat ûnder de Tang-dynasty, yn 'e achtste en njoggende iuw, úthoud is út in klif yn 'e Sineeske provinsje Sichuan. Mei in hichte fan 71 m is it wrâlds grutste en heechste stiennen Boedabyld, en boppedat is it fierwei it heechste pre-moderne stânbyld fan 'e wrâld. Sûnt 1996 stiet it op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO, as ûnderdiel fan it Skildereftich Gebiet fan 'e Berch Emei.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Grutte Boeda fan Leshan is úthoud út in heech klif dat diel útmakket fan 'e berch de Qifeng, dy't sels ta it Lingyunberchtme heart. It stiet oan 'e igge op it plak dêr't trije rivieren gearfloeie: de Min of Minjiang, de Qingyi en de Dadu. It byld sjocht út op 'e berch de Emei, mei it rivierwetter oan syn fuotten, dat by syn sokkel lâns streamt. Behalven it boedabyld omfettet itselde gebiet ek de Kliftomben fan Mahao (in stikmannich grêftomben út 'e Han-Dynasty (206 f.Kr.–220) dy't yn it klif úthoud binne) en ferskate yn it klif úthoude wenten. It byld stiet likernôch 4 km fan 'e Timpel fan Wuyou ôf.

Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It úthouwen fan it boedabyld út 'e reade sânstien fan it klif, dy't datearret út it Kryt, fûn fan begjin oant ein plak ûnder de Tang-dynasty (618–907). It sette útein yn 723, ûnder lieding fan in Sineeske boedistyske mûnts dy't Hai Tong hiet. Hy leaude dat de Boeda de oerstjoere wetters delbêdzje soe dy't op dat plak in wiere pleach foarmen foar passearjende binnenfeartskippen. Neffens it ferhaal soed er, doe't de finansiering fan it projekt gefaar rûn, syn eigen eagen útropt hawwe as bewiis fan syn frommens en oprjochtens.
By it ferstjerren fan Hai Tong wie it boedabyld noch mar oan 'e skouders ta ôf. De fierdere bou rûn fertraging op troch brekme oan jild. Ferskate jierren letter setten de dissipels fan Hai Tong it wurk fuort mei de finansjele stipe fan in pleatslike hege amtner dy't Zhangchou Jianxiong hiet. Sa koe it wurk trochgean oant it byld oan 'e knibbels ta ôf wie. Doe kaam it wurk lykwols fannijs stil te lizzen om't Jianxiong promoasje krige en fuortroppen waard nei it keizerlik hof yn Chang'an. Likernôch santich jier letter waard it projekt fannijs oppakt troch de gûverneur Wei Gao, sadat de dissipels fan Hai Tong it yn 803 einlings en te'n lêsten foltôgje koene.
Nei't it skynt waard der troch it úthouwen fan it byld safolle ton oan stien fuorthelle, ek ûnder de wetterline, dat de streaming fan 'e rivier dêrtroch beynfloede waard en skippen dit punt tenei feilich passearje koene. Fromme boedisten seagen dat as it yngripen fan 'e Boeda. Dat der him yn 'e dobben en rânen fan it byld gjin reinwetter opheapet dat foar eroazje soarget, komt troch in kompleks drainaazjesysteem, dat fan it begjin ôf oan by it úthouwen fan it byld tafoege waard. It hiele byld is makke fan 'e stien fan it klif, útsein de earen, dy't snien waarden fan hout, oan it byld befêstige waarden en dêrnei oerdutsen waarden mei klaai.
Tsjin it begjin fan 'e Noardlike Song-dynasty (960–1126) wie de Grutte Boeda fan Leshan fertutearze: it byld siet ûnder it moas en it trettjin ferdjippings hege houten paviljoen, dat oer it byld hinne boud wie om it tsjin deslach en sinneskyn te beskermjen, wie ynstoart. Under it regear fan keizer Song Renzong (1022–1063) waard it byld op grutte skaal skjinmakke en reparearre, wylst der in nij paviljoen set waard. Wat der yn 'e iuwen dêrnei mei it byld barde, is fierhinne ûnbekend, mei't de Timpel fan Lingyun, dêr't de annalen oangeande dy krite bewarre waarden, ferskate kearen troch oarloch ferneatige waard. Wol is bekend dat de lêste ferzje fan it houten paviljoen úteinlik troch de Mongoalen ferwoastge waard yn 'e oarloggen oan 'e ein fan 'e Yuan-dynasty (1271–1368).

Yn 'e ienentweintichste iuw is de Grutte Boeda fan Leshan oantaast troch fersmoarging dy't feroarsake wurdt troch de ûnberonge yndustriële ûntwikkeling fan Sichuan. Neffens it Sineeske steatsparseburo Xinhua is dat net inkeld sa mei de Grutte Boeda fan Leshan, mar ek mei oare natuerlike en kulturele monuminten yn 'e provinsje. Behalven fersmoarging binne ek ferwaring en toerisme oanwiisd as problemen. Om dat te ferhelpen hat it regear restauraasjewurk yn it foarútsjoch steld.
Ofmjittings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Grutte Boeda fan Leshan is 71 m heech. It byld stelt in sittende Boeda foar, mei syn hannen rêstend op syn knibbels. De skouders binne 28 m breed en de holle mjit 14,7 m heech by 10 m breed. De earen, dy't allebeide twa minsken hâlde kinne, binne 7 m lang (fan boppen nei ûnderen). De wynbrauwen mjitte 5,6 m fan sydkant nei sydkant, de noas ek 5,6 m mar dan fan boppen nei ûnderen en de fingers 8,3 m. De lytste teanneil fan it byld is grut genôch om maklik in sittende persoan akkomodearje te kinnen. Al mei al is it byld 10 ferdjippings fan moderne ôfmjittings heech. As de Boeda stie ynstee fan siet, soe it byld fan ferlykbere grutte wêze mei it Frijheidsbyld yn New York. De Grutte Boeda fan Leshan is it grutste en heechste stiennen Boedabyld fan 'e wrâld (inkeld de Grutte Boeda fan Tailân, dy't tusken 1990 en 2008 fan beton makke waard, is grutter), en teffens mei ôfstân it heechste stânbyld fan 'e wrâld dat datearret út it pre-moderne tiidrek, sis mar fan foàr 1800.

Monimintale status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oprjochting fan 'e Folksrepublyk Sina waard de Grutte Boeda fan Leshan yn 1956 troch it nije kommunistyske regear oanwiisd as in te behâlden kultureel elemint. As sadanich waard it op 'e noed jûn fan it Provinsjaal Folkskomitee fan Sichuan. Yn 1996 waard it byld troch de UNESCO, de kultuerorganisaasje fan 'e Feriene Naasjes, opnommen yn 'e Wrâlderfgoedlist as ûnderdiel fan it Skildereftich Gebiet fan 'e Berch Emei, dêr't ek de kliftomben en klifwenten yn it omlizzende gebiet ûnder falle.
Yn 1998 waard der formeel in behearkommisje yn it libben roppen dy't oer de Grutte Boeda fan Leshan en it 17,9 km² grutte omlizzende gebiet gie. Yn 2002 beävensearre dy kommisje in restauraasje fan it byld dy't finansierd waard troch de Wrâldbank. Dêrby waard earst it byld skjinmakke en fersterke, wêrnei't yn in twadde faze it fuotstik en it diel fan it klif ûnder de wetterline reparearre waarden.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei't de Grutte Boeda fan Leshan benammen yn Sina grutte bekendheid hat as in wrâldwûnder út 'e Aldheid, komme der in protte toeristen op ôf. It is de populêrste toeristyske trekpleister yn 'e provinsje Sichuan, dy't fan 2001 oant en mei 2003 jiers 1,4–1,5 miljoen besikers loek. Fan 2004 ôf wiene der jiers mear as 2 miljoen besikers, en yn 2007 waard it oantal fan 2,8 miljoen toeristen berikt. Benammen mei it Sineesk nijjier komme der in protte minsken op 'e Grutte Boeda fan Leshan ôf om by it byld te bidden foar lok yn it nije jier. It toerisme is moai foar de regionale ekonomy, mar sokke ûnbidige oantallen besikers kinne de slitaazje fan it byld yn 'e hân wurkje. De pleatslike oerheid hat dêrom grinzen steld oan it tal toeristen dat talitten wurdt, en teffens binne der regels opsteld dêr't de besikers har oan hâlde moatte om 'e yntegriteit fan it byld te waarboargjen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
