De Rocky Mountains of koartwei de Rockies (yn âldere teksten ek wol oerset as it Rotsberchtme) binne in berchtme yn it westen fan Noard-Amearika, dat it wichtichste ûnderdiel foarmet fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. It is it grutste berchtme fan it hiele wrâlddiel, dat him útstrekt fan noardlik Britsk-Kolumbia of Alaska yn it noarden (der binne ferskillende definysjes) oant Nij-Meksiko yn it suden. It hat in lingte fan mear as 4.800km. It heechste punt is de Mount Elbert yn Colorado, mei in hichte fan 4.401m. De Rocky Mountains binne 80–55miljoen jier âld en wurde ûnderskaat fan 'e berchtmen dy't fierder nei it westen ta lizze, lykas de Cascades, de Sierra Nevada en it Pasifysk Kustberchtme. It berchtme stiet bekend om syn natoerskientme, dramatyske fiergesichten en wintersportfasiliteiten.
... de Kromme Knillis de namme is fan De Boarn tusken Aldskou en Akkrum, en neffens in sêge ek de namme wie fan de reus dy't dit stik fan De Boarn groeven hat?
... de "noardpoal" dêr't it kompas hinne wiist, magnetysk sjoen de súdpoal is?
... it Hylpersk, it argayske Frysk dialekt fan it havenstedsje Hylpen, in tige behâldende lûdlear en wurdskat hat, dêr't in protte fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun is?
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Plaatsje fan de wike
In komodofaraan (Varanus komodoensis), de grutste libbene hagedissesoarte.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.