Assam
| Assam | ||
| Teeplantaazje yn Sonitpur | ||
| Symboalen | ||
| Algemien | ||
| Lân | Yndia | |
| Haadstêd | Dispur | |
| Grutste stêd | Guwahati | |
| Distrikten | 35 | |
| Befolking | ||
| Ynwennertal | 31.205.576 (2011) | |
| Befolkingsticht. | 398 ynw./km² | |
| Talen | Assameesk Bodo Bengaly Hindy Ingelsk | |
| Religy | Hindoeïsme (61,5%) Islam (34,2%) Kristendom (3,7%) | |
| Geografy | ||
| Oerflak | 78.438 km² | |
| Oar | ||
| Stifting | 26 jannewaris 1950 | |
| ISO 3166-2 | IN-AS | |
| Tiidsône | IST (UTC+5:30) | |
| Offisjele webside | ||
| assam.gov.in | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje fan Assam yn Yndia | ||
Assam is in dielsteat yn it noardeasten fan Yndia. De steat leit yn 'e delling fan 'e rivier de Brahmaputra en stiet bekend om de teeproduksje en syn rike natoer. Assam grinzget yn it noarden oan Bûtan en Arunachal Pradesj, yn it easten oan Nagaland en Manipur, yn it suden oan Mizoram, Tripura en Meghalaya, en yn it westen oan West-Bengalen en Bangladesj.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De skiednis fan Assam is nau ferbûn mei it Ahom-keninkryk (1228–1826). De Ahoms, dy't oarspronklik út it hjoeddeiske Tailân kamen, lutsen oer it Patkaiberchtme de Brahmaputradelling yn. It keninkryk wie ferneamd om syn fermogen om de machtige Mogols ferskate kearen te ferslaan, lykas yn 'e ferneamde Slach by Saraighat (1671). Troch ynterne tsierderijen oerfoelen Birmezen yn 'e 19e iuw it ryk. Yn 1826 waarden de Birmezen troch de Britten ferdreaun en kaam der mei it Ferdrach fan Yandabo in ein oan it keninkryk, wêrnei't de Britten it bestjoer oernamen.
Tusken 1979 en 1985 hie Assam te meitsjen mei grutte protesten en stakingen it toaniel fan fûleindige reboelje en stakingen. It konflikt woartele yn 'e eangst de oanhâldende yllegale migraasje fan islamityske Bengalen de lânseigen kultuer en taal ûnder druk sette soe. De protestbeweging easke in ein oan 'e yllegale ymmigraasje út Bangladesj en dat yllegalen útset wurde soene. It konflikt berikte in tragysk djiptepunt yn febrewaris 1983 mei de Nellie-massamoard, wêrby't yn ien dei tiid neffens offisjele sifers mear as 2.000 minsken (benammen moslim-migranten) om it libben kamen. De ûnrêst kaam mei it tekenjen fan it Assam-akkoart yn 1985 ta in ein, mar de ûnderlizzende spanningen tusken de ferskate groepen spylje oant hjoed-de-dei in grutte rol yn 'e regionale polityk.
Geografy en Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lânskip fan Assam wurdt dominearre troch de brede delling fan 'e Brahmaputra. Dizze rivier soarget foar tige fruchtbere grûn, mar feroarsaket ek hast alle jierren grutte oerstreamings yn 'e moessontiid.
Assam hat ferskate nasjonale parken dy't op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO steane. It meast ferneamde is it Nasjonaal Park Kaziranga, dêr't de grutste populaasje fan 'e Yndyske noashoarn (Rhinoceros unicornis). libbet. Ek de seldsume Yndyske rivierdolfyn (Platanista gangetica) komt foar yn 'e Brahmaputra.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Assam is in parlemintêre demokrasy mei in eigen parlemint yn de haadstêd Dispur. De steat is opdield yn 35 distrikten. Foar it deistich bestjoer binne dizze distrikten groepearre yn fiif bestjoerlike regio's. In bysûnder ûnderdiel fan it bestjoer is de Bodoland Territorial Region (BTR). Dat is in autonome regio yn it noardwesten fan Assam, dêr't de Bodo-befolking in grutte mjitte fan selsbestjoer hat oer saken lykas kultuer, lânbou en ûnderwiis.
De haadstêd fan Assam is Dispur, in foarstêd fan Guwahati. Guwahati is de grutste stêd fan 'e steat en de wichtichste poarte nei it noardeasten fan Yndia. De stêd leit oan 'e igge fan 'e Brahmaputra en is in wichtich sintrum foar hannel en religy. In ferneamd beafeartsoard yn 'e stêd is de Kamakhyatimpel, dy't wijd is oan de goadinne Shakti. De stêd hat ek in eigen ynternasjonale lofthaven en ien fan 'e wichtichste universiteiten fan 'e regio.
| Regio | Skaaimerken |
|---|---|
| Boppe-Assam | It hert fan 'e tee-yndustry en oaljewinning. |
| Beneden-Assam | Tichtbefolke gebiet mei in soad lânbou. |
| Noard-Assam | Leit oan 'e noardkant fan 'e Brahmaputra. |
| Sintraal-Assam | It geografyske midden fan 'e delling. |
| Heuvellân en Barak-delling | Súdlik gebiet mei in eigen kulturele identiteit. |
Ekonomy en Tee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Assam is it grutste teeprodusearjende gebiet op 'e wrâld. De Assam-tee (Camellia sinensis var. assamica) waard yn 1823 yn it wyld ûntdutsen en groeit yn it leechlân fan 'e steat. Mear as de helte fan alle Yndiaaske tee komt út Assam. Njonken tee is de steat ek ryk oan oalje (foaral by Digboi). Yn Assam wurdt in soad rys ferboud en de steat stiet ek bekend om de sidekultuer.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De grutste befolkingsgroep binne de Assamezen. It Assameesk is de offisjele taal. Yn 'e Bodo-regio is it Bodo in offisjele taal en yn 'e Barakdelling wurdt in soad Bengaly praat. Dêrnjonken wurde Hindy en Ingelsk brûkt foar bestjoerlike saken. De mearderheid fan 'e befolking is hindoestysk (61,5%), folge troch in grutte moslim-minderheid (34,2%).
Spanningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Assam hat al lang te krijen mei etnyske spanningen. De kearn fan it konflikt leit by de ymmigraasje út oanswettende gebieten, benammen út it islamityske Bangladesj. Dêrtroch is de demografy fan Assam yn 'e ôfrûne desennia yngreven feroare. De spanningen ha te meitsjen mei taal, mar ek mei religy. By de folkstelling fan 1951 wie likernôch 24,7% fan 'e befolking moslim; yn 2011 wie dat al 34,2%. Yn ferskate distrikten, benammen oan 'e grins mei Bangladesj meitsje moslims no de mearderheid út fan 'e befolking. Dat hat de wei frijmakke foar politike partijen dy't pleitsje foar it beskermjen fan 'e hindoekultuer en it strang oanpakken fan yllegale migraasje.
Der is in dúdlik ûnderskie tusken de lânseigen (Assameeske) moslims, dy't kultureel nau ferbûn binne mei de oare Assamezen, en de Bengaly-sprekkende moslims dy't letter migrearre binne. Njonken it grutte konflikt fan 'e jierren 1980, binne der ek yn 'e 21e iuw noch geregeldwei útbarstings fan geweld. In foarbyld dêrfan is de opskuor yn 2012 tusken de lânseigen islamityske Bodo-befolking en Bengaly moslims, wêrby't 77 minsken om it libben kamen en 400.000 minsken fan hûs en hiem ferdreaun waarden. Dy konflikten draaie meastentiids om de fraach wa't rjocht hat op de lânbougrûn yn 'e tichtbefolke delling.
| Jier | Ynwennertal | Groei |
|---|---|---|
| 1901 | 3.289.680 | — |
| 1911 | 3.848.617 | +17,0% |
| 1921 | 4.636.980 | +20,5% |
| 1931 | 5.560.371 | +19,9% |
| 1941 | 6.694.790 | +20,4% |
| 1951 | 8.028.856 | +19,9% |
| 1961 | 10.837.329 | +35,0% |
| 1971 | 14.625.152 | +35,0% |
| 1981 | 20.000.000* | — |
| 1991 | 22.414.322 | +53,3%** |
| 2001 | 26.655.528 | +18,9% |
| 2011 | 31.205.576 | +17,1% |
* Yn 1981 wie der gjin folkstelling mooglik troch de ûnrêst. ** Groei oer de perioade 1971–1991.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen en ferwizings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia | |
|---|---|
| Dielsteaten | |
|
Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen | |
| Unyterritoaria | |
|
Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry | |